
09 oktober 2024
CARLA, CHRISTIAN MET MIKA EN JURRE IN....... Op 'e Skille, door Baukje Stavinga.
Coming Out day: Oer leafde, seksuele aard en wa’st bist
ITENS – Yn it ramt fan ‘Coming Out day’ wol Carla van Hoorn graach wat fertelle oer dizze dei, dy’t alle jierren op 11 oktober plak fynt. Op dy datum wurdt der oandacht bestege oan ‘it út de kast kommen’, dat minsken iepenlik útkomme foar harren seksuele aard.
Carla en har man Christian hawwe twa bern, Jurre fan 23 en Mika fan 21.
Carla fertelt dat Jurre als lyts jonkje altyd al sêftaardich wie. As er bygelyks mei in freontsje boarte, hold er net fan sjitspultsjes of games mei in protte geweld. Wol mocht er graach mei lego boartsje of Mindcraft spylje. Jurre die nei de basisskoalle mbû-technyk mei dêrneist yn it lêste jier teory drummen. Omdat doe al opfoel dat er muzikaal oanlein wie, is er nei it mbû nei it konservatoarium yn Zwolle gien en dêr studearret er no noch drums.
Jurre joech op 14-jierrige leeftyd al oan, dat er twivele oan syn seksuele aard. Hy hat in skoftsje in relaasje hân mei in freon, dat in pear moanne duorre hat. De lêste tiid hat Jurre in freondin, dy’t op it konservatoarium bas studearret. Tegearre kinne se oeren oer muzyk prate, omdat it in ûnderwerp is, dat se beide ynteressant fine. Boppedat dogge se geregeld mei oan jamsessy’s en projekten.
Carla jout oan, dat se yn it begjin, doe’t se der fan út gienen dat Jurre homoseksueel wie, him ek wol dy kant ‘út drukt’ ha. Achterôf hie dat net moatten, seit se, omdat in bern dat sels ûntdekke moat. Hielendal no’t bliken docht dat Jurre biseksueel is.
Non-binêr
Mika identifisearret jinssels as non-binêr. Yn it koart betsjut dat, dat dyn lichem net by dyn geast past, fielst dy gjin man en gjin frou. As lyts famke seach Carla al, dat it bygelyks net in famke wie foar jurkjes, in legging mei in koart broekje deroerhinne paste
folle better by Mika. Mika wie in protte bûten en faak smoarch. It lange hier wie altyd in grut probleem en doe’t Mika op 13-jierrige leeftyd oanjoech gefoelsmjittich gjin famke te wêzen, wie dat it earste dat Carla die: in ôfspraak by de kapper meitsje en it lange hier doneare oan Stichting Haarwens.
Doe’t Mika 16 jier waard, hat jin dizze namme krigen, dy’t by Mika paste. De âlde namme, de saneamde ‘deadname’ wurdt definityf net mear brûkt. Mika wennet tsjintwurdich yn Ljouwert, hat in partner, is frijwilliger by it COC, de belange-organisaasje fan lhbti’s, dy’t it langst bestiet yn ’e wrâld.
Sy komme op foar emansipaasje, akseptaasje en gelikense rjochten foar alle lhbti+-persoanen.
Kleurrijk Fryslân
As gesin ha sy mei syn allen oan in programma meiwurke fan Omrop Fryslân om te fertellen wat de ympakt wie yn harren húshâlding. Fierder is Carla ek frijwilliger wurden by Vaders en Moeders van Kleurrijk Fryslân, sy is aktyf by it COC op Prides, strjitfestivals en oare eveneminten en sprekt minsken oan om ynformaasje te jaan oer dizze bysûndere groep. Neffens har is der noch in protte ûnbekendheid oer dit ûnderwerp en is der in protte ferlet om ynformaasje oer te jaan oer harren doelstellingen.
Op de websitd is û.o. in protte ynformaasje te finen: www.vamoe.frl.
Carla is o sa gelokkich mei har húshâlding, har bern. Wannear’t hja gelokkich binne, is sy dat ek. Leafde giet oer grinzen, is net beheine oan it lichem, dêr’t de minsk yn wennet.